Oosterman wol aksje Ryk nei gizelingssaak Appelskea

24 des 2017 - 09:28

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf wol dat it Ryk aksje ûndernimt om de oerlêst fan betize minsken oan te pakken. Oosterman seit dat as reaksje op de gizelingssaak yn Appelskea. In betize man (48) út Appelskea gizele oerenlang de barman (53) fan Harry's Bar ûnder bedriging fan in fjoerwapen. Neffens de kafeebaas woe de man sa opname yn in psychiatryske klinyk ôftwinge.

Oosterman fynt dat it Ryk mei jild oer de brêge komme moat om mear psychyske helpferliening op tou te setten. Allinnich dan binne ynsidinten lykas dy fan freed yn Appelskea foar te kommen, tinkt de boargemaster. Oosterman seit dat er hast alle wiken wol te krijen hat mei twongen opname fan in betize persoan. "Problemen mei betize minsken lizze in hiel grut beslach op de plysje-kapasiteit", seit de boargemaster. "En dat wurdt de lêste tiid hieltiid mear." Oosterman stipet dêrom fan herte de oprop fan korpssjef Erik Akerboom fan de Nationale Politie. Dy sei freed dat er it leafst yn alle doarpen en wiken in GGZ-helpferliener sjen soe, omdat it opheinen fan betize minsken no fierstente faak op de plysje delkomt.

(advertinsje)
(advertinsje)