Plysje hâldt twa Ljouwerters oan yn stellen Audi

24 des 2017 - 08:18
Foto: ANP

Yn de Ljouwerter wyk Aldlân fûn de plysje sneontenacht in stellen Audi A4 wer werom. Twa fertochten út Ljouwert waarden yn ferbân mei de stellerij oanhâlden. It giet om twa jonges fan 22 en 15 jier.

De bestjoerder fan de stellen auto wie net yn it besit fan in rydbewiis. Ek dêrfoar krijt er in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
autostellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)