Stappers misledigje plysje en meie op it buro sliepe

24 des 2017 - 07:33
It wie in rûzige, kâlde en wiete 'hoarekanacht' foar de plysje - Foto: Plysje Ljouwert op Twitter

De Ljouwerter plysje moast sneontenacht in pear kear optrede tsjin "ferfelende" stappers. Om middernacht hinne waard in man (36) út in kafee oan de Alde Doelesteech set. Dy begûn gelyk te skellen doe't er de plysje seach. Hy waard oanhâlden foar mislediging en sil snein heard wurde.

By de útrin fan it Nineties XXL-feest op it Aldehoustertsjerkhôf waard in man (36) út Menameradiel dwers. Ek hy fûn it nedich om de oanwêzige plysje te misledigjen. De man mocht dêrom útfanhûs op it plysjeburo.

Trefwurden: 
útgeansjûn misledigje
(advertinsje)
(advertinsje)