Streppel hâldt "vervelend gevoel" oer oan ferlies tsjin AZ

23 des 2017 - 23:23

SC Hearrenfean ferlear sneontejûn op besite by AZ de lêste wedstriid fan de earste seizoenshelte. It waard 3-1 foar de ploech fan trainer John van den Brom. Dochs wie it Hearrenfean dat op foarsprong kaam. "In de tweede helft waren we feller dan in de eerste helft en dat resulteerde volgens mij ook in de 0-1", sei Jurgen Streppel, trainer fan de Feansters nei it ferlies. "Een vervelend gevoel, omdat je het denk ik zelf uit handen geeft."

Streppel seach it fuortstjoeren fan Morten Thorsby as oarsaak fan de ommekear. "Na de goal is er niets aan de hand, hebben we AZ op de knieën en door een rode kaart geven we de wedstrijd uit handen. Dat is doodzonde." Thorsby, de man fan de reade kaart, fielde him nei ôfrin fan it ferlies "heel slecht", sa sei de Noarske middenfjilder. "Daarna werd het natuurlijk heel lastig voor de jongens."

Ien fan dy jonges wie Pelle van Amersfoort, ferline wike noch matchwinner tsjin NAC Breda. Tsjin AZ wie er tsien minuten foar tiid noch de makker fan de iennige goal fan de jûn en like itselde senario him ôf te spyljen. "Was dat maar zo", sei Van Amersfoort. "Dit is echt heel erg balen. Ik heb er een beetje weinig woorden voor eigenlijk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)