IIshockeyers UNIS Flyers winne thúswedstriid fan Antwerpen

23 des 2017 - 22:26
De Flyers betankje de fans nei de oerwinning op Antwerpen - Foto: Martin de Jong

UNIS Flyers hat sneontejûn op it eigen iis de kompetysjewedstriid tsjin Antwerpen wûn. De Feanster iishockeyers wiene yn de lêste wedstriid fan 2017 te sterk foar harren Belgyske kollega's. Op It Hearrenfean waard it úteinlik 7-3 foar de ploech fan trainer Mike Nason.

UNIS Flyers kaam tsjin Antwerpen op efterstân, mar al gau kamen de Feansters wer op lykense hichte troch in goal fan Pippo Limnell Finocchiaro. Dêrnei naam UNIS Flyers it heft yn 'e hannen. Marc Nijland sette de thúsklup op foarsprong, wêrnei't Marco Postma en Ronald Wurm dy foarsprong sels útwreiden nei 4-1.

Yn de twadde perioade sette Wurm UNIS Flyers op 5-1. Patrick van Noten fan Antwerpen makke dêrnei de 5-2. Tony Demelinne soarge der mei in knappe solo-aksje foar dat it ferskil yn doelpunten wer fjouwer waard. Dat wie ek de einstân fan perioade twa. Yn de tredde perioade makke Van Noten de 6-3. Limnell bepaalde de útslach op 7-3.

(Advertinsje)
(Advertinsje)