Aris nei sterke comeback dochs noch ûnderút tsjin Rotterdam

23 des 2017 - 22:20
Aris - Foto: Omrop Fryslân

Sûnder de blessearden Valentijn Lietmeijer en Stefan Mladenovic hat Aris sneontejûn de útwedstriid yn en tsjin Rotterdam ferlern. De Ljouwerter basketballers giene yn de lêste wedstriid fan it jier mei 83-74 ûnderút.

Nei it earste kwart stie de ploech fan coach Tony Van den Bosch mei 18-12 efter. Yn it twadde kwart kaam Aris in stik better foar it ljocht en kaam de ploech werom ta 34-33. Nei it tredde kwart stiene de Ljouwerters sels wer op lykense hichte: 58-58. Dochs gie it úteinlik mis yn Rotterdam. De thúsklup makke yn it lêste kwart njoggen punten mear as Aris, wêrtroch't de winst nei Rotterdam gie.

Op 6 jannewaris stiet foar Aris de thúswedstriid tsjin Den Bosch op it programma.

Trefwurden: 
Aris Rotterdam basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)