Twadde plak foar Jorrit Bergsma by maraton yn Breda

23 des 2017 - 21:54
Jorrit Bergsma sjocht Bart Swings winnen - Foto: Neeke Smit

Jorrit Bergsma einige sneontejûn op it twadde plak by de maraton yn Breda. De reedrider út Aldeboarn koe net foarkomme dat Bart Swings de njoggende wedstriid fan de KPN Kup wûn. Sjoerd den Hertog waard tredde en naam it earste plak yn it klassemint oer fan Crispijn Ariëns út Wolvegea.

By de froulju einigen der gjin Friezen op it poadium. Lisa van der Geest waard earste, Emma Engbers twadde en Iris van der Stelt kaam as tredde oer de streek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)