SC Hearrenfean jout foarsprong út hannen en ferliest fan AZ

De útwedstriid tsjin AZ duorre foar SC Hearrenfean tsien minuten te lang. De ploech fan trainer Jurgen Streppel gie in grut part fan it duel oan de lieding, mar troch trije Alkmaarder goals yn de slotfaze gie sneontejûn de lêste wedstriid fan 2017 ferlern: 3-1.
Trainer Jurgen Streppel liet syn ploech wat behâldender foar it ljocht komme. Hy hie Yuki Kobayashi en Michel Vlap op it middenfjild derby set. Dochs wie it begjin foar AZ. Ricardo van Rhijn skeat nei fjouwer minuten in frije traap op de latte en dus kaam Hearrenfean goed wei. Even letter wie AZ opnij gefaarlik. Guus Til skeat de bal oer de goal fan keeper Warner Hahn.
Pas nei in healoere spyljen foel it earste wapenfeit fan Hearrenfean te notearjen. Denzel Dumfries skeat, mar waard oanrekke. De dêropfolgjende hoekskop levere neat op. It wie ien fan de weinige kearen dat Hearrenfean yn de buert fan AZ-keeper Marco Bizot kaam. De ploech út Alkmaar wie yn de earste helte de boppelizzende partij, mar skoarde net. Hearrenfean ek net en dus waarden de klaaikeamers opsocht mei op it skoareboerd de brilstân.

Fenyn yn slotfaze

Fuort nei it skoft wie Hearrenfean gefaarlik fia Michel Vlap, mar syn skot levere gjin goal op. Pelle van Amersfoort syn skot krekt letter wol. Each yn each bleau Van Amersfoort rêstich en skode de bal lâns Bizot yn de hoeke. Healwei de twadde helte kaam Hearrenfean mei tsien man te stean, neidat Morten Thorsby syn twadde giele kaart krige fan skiedsrjochter Pol van Boekel.
Mei in man minder krige Hearrenfean it swier yn Alkmaar. De druk op de goal fan Hahn waard grutter en grutter. Dochs krige Hearrenfean in goede kâns op de 2-0, mar ynfaller Lucas Woudenberg miste. Dêrnei kaam AZ op lykense hichte. Dumfries wurke in foarset fan Thomas Ouwejan yn eigen goal. Even letter soarge Fred Friday der mei twa goals foar dat AZ der mei de oerwinning fantroch gie.
AZ - SC Hearrenfean 3-1 (0-0). 48. Pelle van Amersfoort 0-1, 80. Denzel Dumfries (e.d.) 1-1, 84. Fred Friday 2-1, 89. Friday 3-1. Giele kaarten: Ricardo van Rhijn (AZ), Yuki Kobayashi (SC Hearrenfean). Reade kaart: 67. Morten Thorsby (SC Hearrenfean).
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Dumfries, Høegh, Pierie, Schmidt; Kobayashi (88. Ghoochannejhad), Thorsby, Van Amersfoort (79. Woudenberg), Schaars, Vlap (73. Næss); Veerman.