LDODK makket it spannend, mar wint wol fan en by KCC

23 des 2017 - 21:16
Marjolijn Kroon - Foto: www.awfoto.nl

LDODK hat sneontejûn de lêste kompetysjewedstriid fan it jier tsjin KCC wûn. Yn Capelle aan den IJssel like de ploech út Terwispel en fan De Gordyk in maklike oerwinning op de debutant yn de Kuorbal League te beheljen, mar it waard úteinlik noch hiel spannend. Dochs wûn de ploech fan trainer Erik Wolsink wol, mei 22-19.

LDODK hie fan it earste fluitsinjaal ôf it inisjatyf yn hannen. Friso Boode fan LDODK naam syn team by de hân en makke yn de earste helte fiif fan de tretjin doelpunten. Beide ploegen giene rêsten mei in tuskenstân fan 13-8 op it skoareboerd. Yn de twadde helte rûn LDODK út nei in komfortabele foarsprong fan 21-13. KCC makke dêrnei fiif doelpunten efter elkoar en dus wie de spanning werom, mar foar KCC kaam dy ynhaalrace te let, wêrtroch't de twa punten nei LDODK giene.

De folgjende wedstriid fan LDODK is op 6 jannewaris, thús tsjin PKC.

Trefwurden: 
LDODK KCC kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)