Holwerd aan Zee selektearre foar grut arsjitektuer-evenemint

23 des 2017 - 18:47

It projekt Holwerd aan Zee is selektearre foar de kommende twa edysjes fan Internationale Architectuur Biennale Rotterdam (IABR), in twajierliks ynternasjonale manifestaasje oer arsjitektuer. It IABR set op 31 maaie yn Rotterdam útein en op 1 juny yn Brussel. It tema fan it evenemint is 'The Missing Link'.

Holwerd aan Zee is út 170 projekten fan oer de hiele wrâld foar it IABR selektearre. De wurkgroep fan Holwerd aan Zee fynt it dan ek in hiele ear op dit poadium in bydrage oan dit evenemint te leverjen.

It IABR hopet antwurden te finen om it gat te oerbrêgjen tusken plannen en de útfiering fan de duorsume ûntwikkelingsdoelstellings fan de Feriene Naasjes en it klimaatferdrach fan Parys.

Trefwurden: 
Holwerd aan Zee IABR
(Advertinsje)
(Advertinsje)