Dizze programma's meisto mei de feestdagen absolút net misse

23 des 2017 - 18:22

Wat is der no nofliker om mei de feestdagen ûnder in waarm tekkentsje op de bank telefyzje te sjen? Krekt, neat! Dêrom hat Omrop Fryslân spesjaal foar dy in telefyzjeprogramma gearstald. Dit bestiet ûnder oare út nije produksjes dy't noch nea earder te sjen wiene en ek kompilaasjes fan de moaiste reportaazjes en bydragen fan earder dit jier komme lâns. Yn dit artikel kinst de hichtepunten fan de winterprogrammearring fine én kinst dy noflike middei of jûn op de bank op 'e tiid planne.

Krystnachttsjinst

De krysttiid wurdt tsjinwurdich faak sjoen as in tiid fan lekker ite en gesellich by elkoar wêze mei famylje en freonen. Dochs moat de kearn fan it feest socht wurde yn de kristlike tradysje. Dy begjint al op de earste snein fan desimber mei de earste advint. Op de jûn foar Earste Krystdei wurdt dizze advinttiid ôfsluten mei de tradisjonele krystnachttsjinst. Mochten jo om hokker reden dan ek net sels nei de tsjerke gean, mar wól sa'n tsjinst meimeitsje, dan kinne jo te plak op ús webside foar in streekrjochte registraasje fan de krystnachttsjinst yn Sportstêd Hearrenfean. De tsjinst begjint snein 24 desimber om 20.00 oere en wurdt laat troch dûmny Pieterjan de Buck.

BAUCK!

Iepenloftspul BAUCK! dat yn de simmer fan dit jier meardere kearen opfierd is yn it Hemmemapark yn Berltsum wie in grut sukses. It teäterstik oer de alderearste frijheidsstrider luts safolle publyk dat der in foarstelling bykomme moast om de fraach oan te kinnen. BAUCK! fertelt it ferhaal fan Bauck van Popma, letter bekend as Van Hemmema, en spilet him oan de ein fan de midsiuwen ôf. Sy hold in oanfal tsjin op it slot Hemmema yn Berltsum, dêr't se mei har man Doecke van Hemmema wenne. Van Popma wurdt sjoen as strider foar de Fryske ienheid. Letter wurdt se op fersyk fan har tsjinstanners fêstset yn de finzenis fan Grins.

Omrop Fryslân hat it iepenloftspul earder dit jier folslein filme en dizze registraasje sil op moandei 25 desimber en moandei 1 jannewaris om 10.00 oere te sjen wêze.

Hessel en Tess

Wa't nei Skylge reizget foar in fakânsje kin der hast net omhinne: in besite oan Hessel, de sjongende kroechbaas fan Hoorn. De Skylger is sa ferneamd dat er earder dit jier, tegearre mei dochter Tess, de Ziggo Dome yn Amsterdam oernaam foar in konsert. It wie net foar it earst dat Hessel in grut konsert joech, mar hy wie wol wer ris ta oan in nije útdaging. It is bysûnder dat artysten dy't gewoanwei allinnich mar optrede op in pear kante meter yn syn kafee, deryn slagje om safolle minsken oan harren te binen en sels de Ziggo Dome fol krije. Omrop Fryslân stjoert trije ôfleveringen út mei alle hichtepunten fan it konsert, wêrûnder in gastoptreden fan rapper Typhoon. Ek sjogge Hessel en Tess werom op it evenemint.

De konsertregistraasje fan Hessel en Tess is te sjen op tiisdei 26 (18.20 oere), woansdei 27 (17.15 oere) en tongersdei 28 desimber (17.15 oere).

Fryske top 100

Al tweintich jier stride Fryske artysten foar de heechste notearring yn ús eigen hitlist: de Fryske top 100. It is in tradysje wurden om it jier ôf te sluten mei de populêrste nûmers út Fryslân. Ek dit jier wurdt de list wer gearstald troch de harkers fan Omrop Fryslân. Op Twadde Krystdei is de alderlêste dei om te stimmen. Om derfoar te soargjen dat safolle mooglik minsken dit dogge is der in spesjale tema-útstjoering op telefyzje en radio. Hjiryn wurdt de help ynskeakele fan ferskate artysten, dy't yn in belpanel alle stimmen registrearje. De live-útstjoering begjint om 13.00 oere. De top 100 sels is op âldjiersdei fan 13.00 oere ôf streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân telefyzje en radio.

Oranjewoud Festival

Omrop Fryslân hat begjin juny meardere dagen streekrjocht ferslach dien fan it Oranjewoud Festival, it klassike muzykfestival fan Fryslân. It Oranjewoud Festival is in festival dêr't in grut publyk him thús fielt: fan klassike muzyk- en kultuerleafhawwers oant hipsters en húshâldings mei bern. Muzikale foarstellings fan hege kwaliteit foarmje de basis fan it festival. Ien fan de hichtepunten fan it festival wie it optreden fan it Nederlânsk Blazersensemble. Omrop Fryslân hat dit folsleine konsert opnaam en sil dit moandei, op Earste Krystdei, om 17.15 oere yntegraal útstjoere.

Kompilaasjes

Oan de ein fan it jier is it fansels ek tiid om werom te sjen. By Omrop Fryslân telefyzje dogge wy dit mei ferskate kompilaasjes fan de bêste reportaazjes en live-ferslaggen fan it ôfrûne jier. Sa is der in gearfetting te sjen fan autocross Kings Battle by Blauhûs dy't op Keningsdei organisearre waard. Underdiel fan dizze grutte cross is de Omrop Fryslân-caravanrace, wêrby't de dielnimmers besykje moasten om sa lang mooglik mei de caravan riden te bliuwen. De Kings Battle-kompilaasje is op freed 29 desimber om 17.15 oere te sjen.

Hea!

Hea! pakt mei de feestdagen grut út mei mar leafst trije grutte kompilaasje-ôfleveringen. Op sneon 30 desimber binne der twa ferskillende Hea!-samlingen fan mear as tritich minuten te sjen. Hjiryn binne de leukste, moaiste of meast oansprekkende reportaazjes út it programma te sjen. Dit betsjut dus dat de Hea!-leafhawwer mear as in oere genietsje kin. Op snein 7 jannewaris is der nochris in bonus-kompilaasje-ôflevering mei noch mear materiaal fan it ôfrûne jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)