Snitser maratonevenemint werombrocht nei ien dei

23 des 2017 - 17:21

Oer eksakt in healjier kinne maratondravers en leafhawwers fan in stevige kuiertocht harren hert wer ophelje, want op 23 juny wurdt de fiifde Mar-athon yn en om Snits holden. Om it middeisoere hinne gie de ynskriuwing fan start en in soad minsken hawwe harren yntusken al oanmelden.

It evenemint waard de ôfrûne jierren hieltyd grutter, mar takom jier giet de plande fytstocht net troch. Dêrom is it evenemint werombrocht nei ien dei.

Trefwurden: 
Mar-athon Snits maraton
(Advertinsje)
(Advertinsje)