VC Snits giet mei oerwinning op VC Weert de feestdagen yn

23 des 2017 - 16:12

De follybalfroulju fan VC Snits wûnen sneontemiddei de thúswedstriid fan VC Weert. Yn Snits hie de thúsklup gjin muoite mei de nûmer lêst fan de earedifyzje. De ploech fan coach Petra Groenland wûn de lêste wedstriid fan it jier yn trije sets.

Snits wûn de earste set mei 25-17, de twadde mei 25-20 en de lêste mei 25-21. Troch de oerwinning giet Snits as nûmer twa de feestdagen yn.

De earstfolgjende wedstriid is sneon 13 jannewaris. Dan spilet Snits de topper tsjin koprinner Sliedrecht Sport.

Trefwurden: 
VC Snits VC Weert follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)