Lichem Sake Bosch fûn yn fiver by sikehûs Nij Smellinghe

23 des 2017 - 15:49
It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysje hat sneon it stoflik omskot fûn fan de sûnt tongersdei fermiste Sake Bosch. De 61-jierrige Bosch ferdwûn rinnendewei út sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. De plysje sette fuortendaliks in syktocht op tou en skeakele derby ek Burgernet yn. De man is fûn yn in fiver yn de buert fan it sikehûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)