Klachten oer wurkomstannichheden yn Van der Valk Hotel Snits

23 des 2017 - 15:43

CNV Vakmensen komt mei in meldpunt foar skjinmakkers dy't foar it Rotterdamske bedriuw Jaquet en De Groot tritich Van der Valk hotels skjinmeitsje, wêrûnder de festiging yn Snits. It fakbûn seit, neffens de NOS, earnstige klachten krigen te hawwen oer de wurkomstannichheden yn de hotels.

Der soe rommele wurde mei oerebriefkes, wêrtroch't meiwurkers minder betelle krije. Dêrneist soene de skjinmakkers foar elke keamer dy't se skjinmeitsje betelle wurde en net de oere, sa't yn de cao fêstlein is. Skjinmakkers krije boppedat te min tiid om in keamer skjin te meitsjen en yn guon gefallen is der sprake fan yntimidaasje troch liedingjaanden.

It skjinmakbedriuw seit bot skrokken te wêzen fan de klachten en dat se harren der net yn werkenne. Se wolle yn petear mei it fakbûn. Fan Van der Valk woe net ien reagearje.

(advertinsje)
(advertinsje)