Unbekende naait yn Ljouwert út op fyts fan de plysje

23 des 2017 - 15:18
Foto: ANP

In ûnbekende is freedtenacht yn Ljouwert útnaaid mei in tsjinstfyts fan de plysje. De plysjes wiene nei in fjochterij op it Ruterskertier gien en yn dy hektyk waard de fyts stellen. Mei help fan bylden fan befeiligingskamera's besiket de plysje de dief te achterheljen. De fyts is yntusken wol werom fûn.

It wie neffens de plysje in rûzige stappersnacht yn Ljouwert. Der wiene op de Voorstreek, de Grote Hoogstrjitte en yn de Alde Doelesteech meardere fjochterijen. Troch de drokte binne der noch gjin minsken oanholden, mar de plysje ferwachtet dat mei help fan oanjeften dat noch wol te dwaan.

Trefwurden: 
plysjefyts Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)