Kameleonboat noch net boppe wetter

23 des 2017 - 13:49

De Kameleon is noch net boppe wetter. It skip fan it Kameleondoarp ferdwûn in pear dagen lyn út in skuorre yn Hartwert. It Kameleondoarp fynt dat tige ferfelend, omdat it de boat de kommende tiid geregeld nedich hat foar draaidagen foar de nije Kameleon-searje. "As dat net kin, moatte wy akteurs ôfbelje en dan kostet it ús jild. Hiel ferfelend allegearre", seit Stefan de Lange fan it Kameleondoarp.

It doarp wie earder fan doel om oanjefte fan stellerij by de plysje te dwaan, mar sjocht dêr no dochs mar fan ôf, omdat se útgeane fan it âldjiersfyt. As de Kameleon op nijjjiersdei wer opdûkt, bygelyks yn Frijsteat De Folgeren by Drachten, wol it doarp wol besykje om de finansjele skea troch it ferdwinen fan de boat te ferheljen op de ploech dy't de boat sûnder tastimming meinommen hat.

Trefwurden: 
Kameleon Kameleonboat
(Advertinsje)
(Advertinsje)