"Geke is my angel, God sent her to me"

23 des 2017 - 12:53

Sûnt trije jier hat Ljouwert in strjitpastor. Geke Boersma wurket fia it strjitpastoraat fan Ljouwert twa oant trije dagen yn 'e wike mei minsken dy't oan de ûnderkant fan de maatskippij libje. Se docht dat út in djip leauwen wei dat alle minsken "bern fan God" binne. Dat betsjut net dat se mei de minsken dy't se helpt praat oer har eigen leauwen. "Ik gean út fan it leauwen dat de man of frou hat. Dat kin it Kristlik leauwen wêze, mar it kin ek hiel wat oars wêze." Geke is gauris yn de stêd te finen. Dan siket se de dakleazen op dy't by de eardere biblioteek sitte of op oare plakken yn de stêd inoar opsykje. Of se giet nei ynstellingen as Marena, dêr't minsken wenje dy't soarch nedich ha of nei de deiopfang fan de GGZ. "It giet der foaral om dat der ien is dy't oandacht en tiid foar se hat, want minsken sûnder wenplak binne faak hiel iensum en libje isolearre fan de rest fan de wrâld."

De strjitpastor jout sa no en dan ek praktyske help. Dan giet se mei in húsdokter, se begeliedt ien as dy foar de rjochter komme moat of se bellet mei ynstânsjes oer de útkearing. Minsken binne hiel wiis mei har help. "Geke is my angel. God sent her to help me", seit in man sûnder ferbliuwsfergunning oer de strjittepastor. Se is wiis mei de wurdearring, mar fielt ek in grutte druk en ferantwurdelikheid. "En ik wurd der ek fertrietlik fan. Dat dat bytsje dat ik doch, sá belangryk is foar in persoan..."

In moaie reportaazje oer de stritpastor is dizze snein te hearren yn Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)