Jacques Monasch: "Ik ben te vroeg uit de PvdA gestapt"

23 des 2017 - 12:30

Ald-PvdA Twadde Keamerlid Jacques Monasch fynt achterôf dat hy langer de striid oangean moatten hie yn de partij. Monasch stapte ferline jier op by de partij dêr't hy 40 jier lid fan west hie. Neidat hy de striid ferlern hie oer it saneamde flitslidmaatskip, luts hy him werom yn de striid foar it listlûkerskip en stapte út de fraksje. Dêrnei rjochte hy de partij Nieuwe Wegen op, mar dat waard in mislearring. Monasch sit no yn de keunsthannel en hat ek gjin plannen om werom te kommen yn de polityk, al mist hy guon saken wol. Monasch wennet yn Snits en hat op dit stuit twa keunstgaleryen. Ien yn Amsterdam en ien yn Brussel. Russyske en Oekraynske keunst is syn spesjaliteit. Dêrnjonken hat hy noch in consultancybedriuw. De âld-PvdA politikus ferliet de polityk op 23 maart dit jier. Neffens him hat hy net lang ôfkicke moatten. Nei fiif dagen skye en in wike sylwedstriden yn Spanje kaam hy thús en gie de knop om. Om werom te kommen by syn âlde leafde: de keunst.

Dat it min giet mei de PvdA giet him oan it hert, mar it is oan de partij sels te witen. De leden fan de âlde fraksje fan de sosjaal-demokratyske partij hawwe neffens him tefolle mei allinnich harren eigen posysje dwaande west yn stee fan mei de kiezers. Ek fynt hy dat de sosjaaldemokratyske wearden tefolle oan kant skood binne ten faveure fan it oerein hâlden fan it doetiidske kabinet.

De oprjochting fan de partij Nieuwe Wegen wie it gefolch. De listlûker wist eins fan de begjin ôf oan dat dat in dreech ferhaal wurde soe. Al ein 2016, doe't in grutte jildsjitter ôfheakke, hie Monasch der in hurde holle yn dat it slagje soe de partij echt meidwaan litte te kinnen yn de striid om sitten yn de Twadde Keamer. De tiid wie te koart om alles goed del te setten en de media-oandacht ferslappe nei in skoft ek. Doe wie foar him it beslút al gau dúdlik dat hy út de polityk gean soe.

Monasch folget de polityk en de koers fan de PvdA op ôfstân. Neffens him binne der wol saken feroare yn de partij no't dy minimalisearre is. Asscher docht it neffens him goed. Ek heart hy no folle faker útspraken fan politisy út de PvdA dy't earder net koene neffens de partij. In soarte fan Monasch echo. Dat fynt hy in goede saak. Want de sosjaal-demokrasy is neffens him allinnich mar te rêden as de grinzen begrinze wurde en de soarchsteat beskerme wurdt foar dejingen dy't der oan boud hawwe. De kâns dat de Snitser werom komt is foarlopich net oan 'e oarder. Mar as in echte politikus seit hy der by: Zeg nooit nooit.

Harkje nei it folsleine petear mei Monasch yn Buro de Vries. 

Trefwurden: 
Jacques Monasch PvdA
(advertinsje)