Kafeebaas: "Gizeling wie net persoanlik bedoeld"

Harry's Bar en omjouwing waarden troch de plysje ôfset © Sicco Riedstra
''It wie bûten hast spannender as binnen.'' Dat seit Auke Udinga fan Harry's Bar yn Appelskea oer de gizeling fan freedtejûn yn syn bar. In 48-jierrige man út Appelskea gizele dêr jûns de 53-jierrige barman. Op dat momint wiene sa'n 25 minsken yn it kafee oanwêzich. De betize man liet in pistoal sjen en frege de besikers om nei bûten te gean. Allinnich de barman moast binnen bliuwe.

''It wie foar ús al gau dúdlik dat de gizelnimmer mei syn aksje ôftwinge woe dat hy psychyske help krije soe. It wie net persoanlik bedoeld. Hy hat wat mei de barman praat en dronken en hat syn konsumpsjes betelle'', seit Udinga. Nei't dúdlik waard dat de man help krije soe, liet hy de barman gean, wêrnei't de plysje him oanhold. De barman is bot skrokken, mar it giet neffens Udinga fierders goed mei him. De aktiviteiten dy't foar de kommende krystdagen op de aginda fan it kafee steane, kinne gewoan trochgean.