WoonFriesland nimt 297 huzen oer fan Mooiland

WoonFriesland keapet 297 huzen fan wenningkorporaasje Mooiland. It giet om wenten yn ûnder oare It Hearrenfean, Opsterlân, Tytsjerksteradiel, Frjentsjerteradiel, Súdwest-Fryslân en de Stellingwerven. Mooiland is in Brabânske wenningkorporaasje en dy wol graach ôf fan syn besit yn oare provinsjes. WoonFriesland nimt no yn ien kear al it Fryske besit fan Mooiland oer. De oerdracht fan de wenten wurdt dien yn it earste fearnsjier fan 2018.
Foar de hierders feroaret neat, seit wurdfierder AnneMarieke Voortman. WoonFriesland hat net bekend makke hoefolle jild de wenningkoöperaasje foar de oarname betellet. WoonFriesland stribbet der nei om sa'n 20.000 wenten te hawwen. WoonFriesland ferwachtet yn de rin fan 2018 noch mear wenten oernimme te kinnen fan oare partijen.