Brânwacht op skieppejacht by knooppunt Hearrenfean

23 des 2017 - 10:58

De A32 wie sneontemoarn by it knooppunt Hearrenfean in skoft ôfsletten, omdat der skiep oer de autodyk rûnen. In auto mei oanhinger mei dêryn in keppel skiep kaam fan De Jouwer en ried oer de oprit yn de rjochting fan Zwolle. Yn de bocht bedarre de auto yn de berm, wêrnei't de kombinaasje kantele. Ien skiep oerlibbe de klap net. De rest fan de bisten naaide út en makke in kuier oer de sneldyk.

De bisten binne troch de brânwacht yn feilichheid brocht. De ynsittenden fan de auto binne neisjoen troch meiwurkers fan de ambulânse. De plysje ûndersiket noch hoe't it ûngelok gebeure koe.

Trefwurden: 
skieppejacht A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)