Twa frachtweinsjauffeurs ferwûne nei botsing op N50

23 des 2017 - 10:01
Foto: GinoPress BV

Op de N50 by Emmeloard wie freedtejûn in slim ûngelok mei twa frachtauto's. In frachtauto mei sûkerbiten kantele, wêrtroch de sûkerbiten op de autodyk bedarren. Beide sjauffeurs rekken neffens tsjûgen ferwûne oan de holle. Sy waarden mei de ambulânse oerbrocht nei in sikehûs. De traumahelikopter waard oproppen, mar dy koe fanwege de tichte mist net nei Emmeloard komme. De oarsaak fan it ûngelok is noch net dúdlik. By it ûngelok wie ek in frachtwein fan Post Logistics út Snits belutsen.

De N50 by knooppunt Emmeloard wie freedtejûn oerenlang yn beide rjochtingen ôfsletten. It ferkear waard omlaat troch Emmeloard. It opromjen fan de biten en it bergjen fan de twa frachtauto's naam de hiele jûn en in part fan de nacht yn beslach. Ek it weidek op it plak fan it ûngelok moast repareard wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)