Achtkarspelen wol oerlizze mei Vitens oer hege wetterrekkens

De gemeente Achtkarspelen wol mei wetterbedriuw Vitens om tafel om te praten oer de hege wetterrekkens dy't ynwenners fan de gemeente aanst krije. Vitens wol de hegere belesting dy't de gemeente it bedriuw opleit, trochberekkenje oan de ynwenners. It giet om de saneamde prekariobelesting, dat is in heffing op de wetterlieding dy't gemeenten oplizze kinne oan wetterbedriuwen.
De gemeente Achtkarspelen is neffens wethâlder Klaas Antuma fernuvere dat Vitens de ynwenners al in brief stjoerd hat dat it bedriuw dy belesting trochberekkenet oan de klanten.

De ChristenUnie en GrienLinks en de gemeente Tytsjerksteradiel, de oare gemeente dêr't de kwestje spilet, fynt dat de gemeente ôfsjen moat fan de prekarioheffing, mar B en W fan dy gemeente tinke der oars oer. Lykas syn kollega Antuma fan Achtkarspelen wol ek wethâlder Schippers fan Tytsjerksteradiel earst prate mei it wetterbedriuw.