Kollum: "Op glêd iis"

"Twa en in heale wike lyn stie de wrâld yn de brân. Jim binne grif al fergetten wêr't dy opskuor oer gie. Want sa flechtich is it nijs. Dat guon harren doe freeslik drok makken oer in bernefeest dat keppele waard oan rasisme is blykber dochs net wichtich en djipgeand konfliktearjend genôch om it der nei amper fjirtjin dagen noch oer te hawwen. Stel dat der in oplossing foar komme soe, wêr bedarje we dan mei ús nocht oan ûnnocht? Oar jier novimber mar ris wer yn it waar sjen. Witte we al wêr't de bêste man dan oankomme sil? It makket my lekker neat út, want ik leau al sûnt myn sânde net mear. Dat ha je mei âldere broers en sussen, dy binne der neat net te beroerd foar om je út de dream fan it leauwen te helpen.

Yntusken spiele der fiskersboatsjes fol deade Noard-Koreänen oan by Japan. Yn it post-Obamatiidrek is it folgjende djiptepunt berikt: de lêste swartkleurde meiwurker út it Wite Hûs is dizze wike ferdwûn, sadat it wurkhok fan Trump syn namme wer eare oan docht, leit er aanst in miljeufersmoargjende piipline troch Yndiaansk gebiet, krijt de Russyske Bear alle kwea as fanâlds op de kop en wurde wy hjir al wit ik hoefolle dagen konfrontearre mei folslanke darters, foute fuotbalbabbelaars en, lekker belangryk, dan blykt ek noch dat Gordon net troud is.

Oer in pear dagen is it kryst. Mei kadootsjes ûnder de beam, dy't troch dy dierebeul fan in krystman hjir brocht binne. Al dy rindieren achter de pûst hjir yn it ferhitte Fryslân, dy bisten hearre hjir hielendal net, dy moatte yn de poalstreken yn rindiermos weidzje. Net mei dy kloateslide hielendal fol mei rotsoai ús hjir de safolste Amerikaanske kommersjele klucht oansmarre. Dêr hearre je de puristen dan wer net oer.

De skiep binne nei hegere stikken lân ferdwûn, dêr't se harren yn oparbeidzjen mei de wylde guozzen de hiele winter klem frette oan it Ingelske raaigers, dat gewoan trochgroeit, sels al is it de koartste dei. As der net safolle wetter foel, soe de gersdroegerij it noch drok ha, want der stiet by plakken gewoan noch in swee gers op it lân.

Is der dan hielendal neat aardichs te melden? Jawis wol. Rûnom yn Fryslân ha de iisbaanmantsjes de banen wer klearlizzen. Se ha grif mei begripende blikken oer en wer de motor fan de faaimasine even draaie litten, it iisbaanhokje neisjoen en konstatearre dat dy stronttrochwiete hjerst soarget foar rotsjend hout dat eins ferfongen wurde moat. Mar dwers troch alles hinne ha se hoopfol oer de baan sjoen. De peallen kreas yn de rige, miskien ha se sels wol even de radio testen. Ik hoopje dan mar dat se Marian fan The Cats draaid ha, want ultimere iisbaanmuzyk is der net.

Noch ien aardichheidsje? Okee dan. We binne it dizze wike iens wurden oer de titel fan myn nije boek. Want dat is sa goed as klear. Jimme meie dy titel fansels noch net witte, want dan is de aardichheid der ôf. Even geduld noch! Goed wykein."

23 des 2017 - 8:25
(advertinsje)