Man lit auto achter nei botsing mei lantearnepeal

23 des 2017 - 08:00
De man liet de auto skansearre achter - Foto: De Vries Media

In ûnbekende automobilist hat freedtejûn yn ravaasje oanrjochte op de Foarwei tusken Kollumersweach en De Westereen. De man bedarre yn de berm en botste op in lantearnepeal en in túnmuorke. De plysje waard alarmearre, mar doe't dy op it plak fan it ûngelok wie de bestjoerder al wer poater. De man hat neffens betsjûgen noch wol besocht om bewiismateriaal fan de botsing fuort te smiten yn in sleat.

It rjochterfoartsjil fan de auto lei oan de oere kant fan de wei. De plysje hat rapport makke fan it ûngelok en sil de eigener fan de auto freegje om him te ferantwurdzjen. In bergingsbedriuw hat de auto en de ferskate losse ûnderdielen ôffierd.



Trefwurden: 
botsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)