Betize man gizele barman Appelskea

23 des 2017 - 07:28

In betize man (48) fan Appelskea hat freedtejûn de barman (53) fan Harry's Bar oan de Boerestreek yn Appelskea gizele. De gizelnimmer stjoerde jûns om tsien oere hinne ûnder driging fan in fjoerwapen alle besikers it kafee út. Der wiene doe sa'n 25 minsken yn it kafee. Allinnich de barman moast bliuwe. De plysje sette in spesjaal team en in ûnderhanneler yn. Om middernacht hinne mocht de gizele man it gebou ferlitte. Justjes letter kaam ek de gizelnimmer nei bûten en koe de man oanhâlden wurde troch in spesjaal arrestaasjeteam. Dêrby is neffens de plysje in gaspistoal yn beslach naam.

De man is nei it sellekompleks yn Ljouwert brocht foar fierder ûndersyk. De oanlieding foar de gizeling is noch net bekend. Der rekke by de gizeling nimmen ferwûne. De Boerestreek wie ûnder de gizeling lange tiid ôfsletten foar al it ferkear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)