Trainer Sipke Hulshoff nei nederlaach: "Ien grutte desepsje"

22 des 2017 - 23:10

Nei twa kompetysje-oerwinningen op rige, ferlear SC Cambuur freedtejûn de útwedstriid by Helmond Sport. Trainer Sipke Hulshoff wie nei ôfrin fan de lêste wedstriid foar de winterstop net te sprekken oer it ferlies tsjin de nûmer ien-nei-lêst. Hy belibbe "in weardeleaze jûn", sei er. "By it skoft tinkst dat it net minder kin, mar ik tink dat de twadde helte noch minder wie. Ien grutte desepsje."

Middenfjilder Robbert Schilder wie nei ôfrin bot teloarsteld oer it optreden fan syn ploech. ''We hebben vandaag niet de kwaliteit geleverd die nodig is om zo'n wedstrijd te winnen'', fertelde Schilder. ''Als het dat niet gaat, moet je het op een andere manier kunnen doen. Het was vandaag slap, initiatiefloos en we lieten het allemaal gewoon gebeuren. Er zat gewoon weinig in.''

Dochs tinkt Schilder dat it nei de winterstop better wurde kin. ''De eerste paar dagen is dit even goed balen en we moeten beseffen dat het in de tweede seizoenshelft een stuk beter moet. In ieder geval een stuk stabieler dan het tot nu toe is geweest.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)