Op de fyts fan It Hearrenfean nei Glêzen Hûs yn Apeldoorn

Mear as fyftich fytsleafhawwers stapten sneontemoarn op de fyts om in tocht fan It Hearrenfean nei Apeldoorn ôf te lizzen. Sy wolle hjirmei safolle mooglik jild ophelje foar Serious Request, de goededoele-aksje fan 3FM. De fytsers lizze goed 110 kilometer ôf en fytse fia Aldeholtpea, Meppel en Epe nei it Glêzen Hûs, dat op it Marktplein yn Apeldoorn stiet.
Om 08.00 oere waard yn iisstadion Thialf it startskot jûn troch wethâlder Coby van der Laan, algemien direkteur Regina Bouius fan de provinsje en iishockeyer Erik Landman. De dielnimmers krigen allegear in moarnsbrochje en stapten dêrnei op de fyts. Op de Facebook-side fan de aksje FFF3FM binne de fytsers sneon te folgjen op in livestream.