Nitraten en lawinepylken: 116 kilo fjoerwurk yn beslach naam

22 des 2017 - 22:22
Argyffoto fan yn beslach nommen fjoerwurk - Foto: Politie Leeuwarden

De plysje yn Ljouwert hat freedtejûn op fiif adressen mei-inoar 125 kilo fjoerwurk yn beslach nommen. Om healwei seizen die de plysje in ynfal yn in wenning oan de Dahliastrjitte. Dêr trof de plysje ûnder mear nitraatbommen en lawinepylken oan. It fjoerwurk waard meinommen en wurdt letter ferneatige. De 30-jierrige fertochte wurdt noch troch de plysje heard.

By in 17-jierrige Ljouwerter fûn de plysje letter ek noch swier yllegaal fjoerwurk, wêrûnder de berichte Cobra 8-bommen.

Trefwurden: 
fjoerwurk plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)