SC Cambuur slút earste seizoenshelte ôf mei ferliespartij

22 des 2017 - 22:02

SC Cambuur hat de lêste wedstriid fan de earste kompetysjehelte ferlern fan Helmond Sport. Op besite by de nûmer ien-nei-lêst fan de Jupiler League gie de ploech fan trainer Sipke Hulshoff freedtejûn mei romme sifers ûnderút. It waard yn Helmond 3-0.

De thúsklup krige yn de begjinfaze goede kânsen op de iepeningstreffer, mar keeper Erik Cummins fan Cambuur lei beide kearen yn de wei. De Ljouwerters kamen der yn it earste healoere net echt oan te pas en kaam op efterstân. Jason Bourdouxhe skeat de bal leech oer de grûn yn de goal. Dêrnei gie Cambuur op syk nei de lykmakker, mar ferdigener Marvin Peersman wie mei twa kopballen krekt net súksesfol.

Nei it skoft wikselde trainer Hulshoff oanfallend. Hy brocht Justin Mathieu en Furdjel Narsingh yn de ploech, wat ten koste gie fan Matthew Steenvoorden en Kevin van Kippersluis. Net lang nei dy wiksel krige Cambuur in twadde goal om de earen. Robert Braber knikte de bal út in hoekskop achter Cummins.

In slotoffinsyf fan de Ljouwerters bleau út, wêrtroch't de oerwinning fan Helmond Sport net yn gefaar kaam. De nederlaach waard yn de ekstra tiid noch slimmer foar Cambuur. Peersman krige syn twadde giele kaart en Helmond Sport-spiler Jordy Thomassen makke der sels noch 3-0 fan.

Sa gie Cambuur mei in nederlaach de winterstop yn. De earste wedstriid nei de winter is op 12 jannewaris. Dan spilet Cambuur thús tsjin it De Graafschap fan trainer Henk de Jong.

Helmond Sport - SC Cambuur 3-0 (1-0). 31. Jason Bourdouxhe 1-0, 52. Robert Braber 2-0, 90. Jordy Thomassen 3-0. Giele kaarten: Maiky Fecunda, Jordy Thomassen (Helmond Sport), Martijn van der Laan (SC Cambuur). Reade kaart: 90. Marvin Peersman (SC Cambuur).

Opstelling SC Cambuur: Cummins; Van Deelen, Steenvoorden (50. Mathieu), Schilder, Van der Laan, Peersman; Schils, Kip, Van Kippersluis (50. Narsingh); Barto, Kallon (70. Daniels).

(Advertinsje)
(Advertinsje)