Ferlies froulju SC Hearrenfean tsjin it FC Twente fan Spitse

22 des 2017 - 21:36

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe de lêste wedstriid foar de winterstop ferlern. Op It Hearrenfean wie FC Twente, mei oanfierster Sherida Spitse yn de basis, te sterk foar de ploech fan trainer Roeland ten Berge.

Twente moast al betiid yn de wedstriid mei tsien spylsters fierder. Al nei santjin minuten krige keepster Nicky Evrard fan FC Twente read, neidat se Tiny Hoekstra fan Hearrenfean delhelle. De frije traap dy't Hearrenfean tawiisd krige, skeat Fenna Kalma oer.

Tsien minuten nei it skoft krige Hoekstra in goede mooglikheid, mar skeat de bal neist. Nettsjinsteande in spylster minder kamen de besikers in kertier foar tiid op foarsprong. Joëlle Smits makke de 1-0. Even letter sette Bente Jansen Twente sels op in 2-0 foarsprong. Ynfalster Carolien Vegter makke de nederlaach krekt foar tiid noch wat draachliker troch de 1-2 binnen te sjitten.

SC Hearrenfean - FC Twente 1-2 (0-0). 76. Joëlle Smits 0-1, 79. Bente Jansen 0-2, 89. Carolien Vegter 1-2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)