Hoe moat it nei boustop no fierder mei Dokkumer Merk?

22 des 2017 - 19:24

De gemeente Dongeradiel en ûndernimmer Leegstra fan Gytsjerk sille nije wike woansdei oerlizze oer hoe't it fierder moat mei de rekonstruksje fan de Merk yn Dokkum. De bestjoersrjochter hat de rekonstruksje fan de Merk, dêr't de bou fan de iisfontein ûnderdiel fan is, foar seis wike stillein nei in beswierskrift fan Leegstra. Troch dizze boustop is it twiveleftich oft de fontein wol op tiid klear wêze sil foar de offisjele iepening fan de 11fountains yn de alve Fryske stêden op 18 maaie.

Undernimmer Leegstra lit witte dat er eins gjin grutte beswieren tsjin de iisfontein hat, mar wol tsjin it grutte ferlies oan parkearplakken op de Merk. Leegstra is eigener fan in grut winkelhûs oan de Merk. Troch de rekonstruksje ferdwine mear as helte fan de parkearplakken en dat sil in soad klanten kostje, sa seit de ûndernimmer. Leegstra tinkt dêrom dat it yn 'e takomst dreech wurdt om in hierder foar it gebou te finen. Hy wol graach dat de gemeente him temjitte komt as it giet om it ferlies fan parkearplakken.

Wethâlder Albert van der Ploeg fan Dongeradiel sil nije wike woansdei om tafel mei de ûndernimmer en syn riedsman Auke Spoelstra. Dongeradiel wol besykje om de perioade dat de bou stil leit sa koart mooglik te hâlden. De gemeente sil Leegstra dan wol temjitte komme moatte, sa seit Spoelstra.

Trefwurden: 
Dongeradiel Dokkum De Merk
(advertinsje)
(advertinsje)