Poeiermolke en oaljekoeken by feestlike iepening Europaplein

Poeiermolke en oaljekoeken. Dat koene minsken freed by it nije Europaplein krije, want nei lang wurkjen waard it plein yn Ljouwert offisjeel iepene. Dêrmei is de stêd fan alle kanten wer goed berikber. Fanwege Ljouwert-Fryslân as Kulturele Haadstêd 2018 wie it dan ek it doel om it wurk oan it plein foar 1 jannewaris klear te hawwen.
De iepening hie in feestlik karakter. Pommeranten, bouwers, skoalbern en omwenners troffen inoar yn ien fan de fytstunnels. It âlde plein is omtsjoend ta in 'turbo-rotonde' en moat sa in bettere en feiligere trochstreaming fan it auto- en fytsferkear opsmite.