"De minsken binne allinnich mar op harren sels rjochte"

22 des 2017 - 18:23

"It soe better wêze om te dielen mei de krystdagen yn stee fan yn te klauwen! De minsken binne allinnich mar op harren sels rjochte, mei dy grutte karren fol guod yn de supermerk." Dit wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de fraach hoe't minsken nei de krystdagen ta libje. Oaren wiene bliid mei de feestdagen omdat der dan wer ris tiid is om wat mei de famylje te ûndernimmen. Sa fertelde in stel dat harren bern út Switserlân foar it earst yn sân jier mei de feestdagen wer thúskomme.

In âldere frou fertelde in persoanlik en dramatysk ferhaal. Se ferlear net allinnich har man op earste krystdei, mar ek har broer en in lytse poppe fan in oare broer. "Mar ja, we moatte der mar wer wat fan meitsje", sei se. De fûgelkeapman sei dat er earste krystdei benammen brûkt om te sliepen. "Wy sitte dizze dagen yn de drokste tiid fan jier", sei er. De meast neamde krystwinsk op de merk wie freed 'frede': "Dat sizze we alle jierrren wer en dat moatte we gewoan folhâlde."

Trefwurden: 
freedsmerk krystdagen
(Advertinsje)
(Advertinsje)