FIDEO: De klip fan it offisjele Leeuwarden-Fryslân-liet

22 des 2017 - 18:16

De fideoklip fan 'Seis oere thús', it offisjele Leeuwarden-Fryslân-liet, is freedtemiddei presintearre. Yn it telefyzjeprogramma Noardewyn live fan Omrop Fryslân wiene de bylden foar it earst te sjen. It liet wurdt songen troch Nynke Laverman.

Laverman skreau 'Seis oere thús' tegearre mei Sytze Pruiksma yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân, dat yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa is. By de iepening fan Kulturele Haadstêd, op 27 jannewaris, sil Laverman it liet fansels ek hearre litte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)