Ljouwert tinkt mids jannewaris nij kolleezje te hawwen

It gemeentehûs fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It liket derop dat de gemeente Ljouwert mids jannewaris in nij kolleezje hat. De koälysje-ûnderhannelingen tusken de belutsen partijen ferrinne neffens de gemeente goed. De beëage koälysje fan PvdA, CDA, PALGrienLinks en D66 is yn ûnderhanneling oer de wichtichste opjeften fan de kommende jierren.
PvdA, CDA en PALGrienLinks sitte al yn it kolleezje. D66 is de iennige nijkommer. De kommende wiken wurdt ûnder lieding fan formateur Bert Otten fierder ûnderhannele. Mids jannewaris moat it nije kolleezje presintearre wurde.