Nije sykaksje nei Remon Bruinsma op sneon

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Der wurdt sneon wer socht nei Remon Bruinsma, dy't wei is. Minsken dy't helpe wolle, wurde oproppen om har om healwei tsienen te melde op it stasjon yn Ljouwert of op it parkearplak fan restaurant de Grutte Wielen. Bruinsma is sûnt trije wiken wei. Hy kaam net thús nei in jûntsje stappen yn Ljouwert. De sykaksje is opset troch Angelique Runhart.
Ek de plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei it wei-wêzen fan Remon. Op twadde krystdei sil der wer socht wurde yn de grêften fan Ljouwert.