Widdo fan Tjeerd van Seggeren langer yn foararrest

22 des 2017 - 16:53

De widdo fan Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach bliuwt twa wiken langer fêst sitten op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har man. Dat hat de rjochter-kommissaris freedtemiddei bepaald. De 33-jierrige frou waard tiisdei oanhâlden troch de plysje.

Van Seggeren kaam yn de nacht fan 8 op 9 july om it libben, nei't er in besite brocht hie oan in festival by De Westereen. Syn lichem waard fûn yn in greide, mei swiere ferwûningen oan syn holle. Al gau waard it de plysje dúdlik dat de Kollumersweachster troch in misdriuw om it libben kaam is.

(advertinsje)