Miljoene-ynvestearring foar tsientallen Fryske monuminten

22 des 2017 - 16:35

Yn Fryslân wurde 34 monuminten foar goed 4,5 euro opknapt. Fan dy ynvestearring is twa miljoen euro ôfkomstich fan de provinsje. Monuminte-eigeners en oare ynvestearders folje dat bedrach oan ta dy 4,5 miljoen euro.It jild is bedoeld foar ûnderhâld of om de monuminten in nije bestimming te jaan. It giet ûnder oare om boerepleatsen en tsjerken.

Foarbylden dêrfan binne twa pleatsen oan de Aldebildtdyk yn Sint-Jabik en guon pleatsen yn Iens en Aldwâld. De tsjerken fan Dedzjum, Lollum en Itens wurde restaurearre en foar oare bestimmings geskikt makke.

Trefwurden: 
monuminten ynvestearring
(Advertinsje)
(Advertinsje)