Keninklik pear iepenet Kulturele Haadstêd 2018

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima © ANP
Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima iepenje op 27 jannewaris Ljouwert-Fryslân, dat yn 2018 in jier lang de kulturele haadstêd fan Europa is. Yn it wykein fan 26 en 27 jannewaris set Kulturele Haadstêd útein.
Op freedtejûn is it de bedoeling dat elk de doarren iepen docht en dat minsken by-inoar thús nei elkoars ferhalen lústerje. Fryske musea binne dy jûns ek iepen. Op sneontejûn stiet Ljouwert sintraal. De kening en de keninginne dogge dan, tegearre mei de Fryske befolking, de iepening fan Kulturele Haadstêd. Yn de Fryske haadstêd is dan op alle pleinen muzyk en dûns.