Wurkstraf fan 30 oeren fanwegen supporters-opskuor

22 des 2017 - 16:17
Foto: Omrop Fryslân

In man fan De Lemmer hat in wurkstraf fan tritich oeren krigen fanwegen supporters-opskuor by in wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin SC Cambuur, trije jier lyn. De man is Hearrenfeansupporter en hie feiligensstekken oan de kant skuord om yn it fak fan Cambuurfans te kommen. Dat ûntkent er sels, mar hy is werkend troch de plysje en op fideobylden.

Dat it trije jier duorre hat foardat de saak foarkaam, komt ûnder oare trochdat de advokaat fan de fertochte in pear kear frege hat om de saak oan te hâlden.

Trefwurden: 
wurkstraf supporters
(Advertinsje)
(Advertinsje)