Predikaat 'gemeentlik monumint' foar Grouster tsjerkegebou

22 des 2017 - 15:48
It tsjerkegebou oan de Kievitstrjitte - Foto: Erfgoedvereniging Heemschut

It tsjerkegebou oan de Kievitstrjitte yn Grou wurdt in gemeentlik monumint. Dêrtroch is sloop fan it gebou fan de baan. De lêste jierren waard it gebou noch mar amper brûkt en dêrom leinen der ferskate plannen. Sa wiene der plannen om it tsjerkegebou te ferfangen troch sechtjin soarchwenten foar kliïnten fan de J.P. van den Bentstifting. Foar dat plan wurdt no in alternatyf socht.

It tsjerkegebou waard flak foar de oarloch boud yn tradisjonalistyske styl en liket wol wat op de Delftse School. Arsjitekt fan it tsjerkegebou wie Gjalt van der Zee.

(Advertinsje)
(Advertinsje)