Jeugddetinsje ûnder betingst foar ûntucht mei famke

22 des 2017 - 15:37
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man fan 21 út Easterwâlde hat twa moanne jeugddetinsje ûnder betingst krigen foar ûntucht mei in minderjierrich famke. De man hie trije jier lyn in skoftsje ferkearing mei it famke. Neidat it útgie, soe er har ferkrêfte hawwe. De rjochtbank seit dat dat net bewiisd wurde kin, mar de ûntucht dêrtsjinoer wol.

De man rint ferstanlik efter ferlike mei syn leeftiidsgenoaten. Op advys fan de reklassearring is er dêrom straft neffens it jeugdstrafrjocht. Hy stiet ek ûnder tafersjoch fan de reklassearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)