Taksysjauffeurs fiere aksje yn Dokkum

In grutte groep taksysjauffeurs yn Noardeast-Fryslân hat soargen oer har wurk takom jier. Sy wurkje no noch foar Waaksma, mar no't Drintse taksybedriuwen de oanbesteging foar it taksyferfier yn de regio wûn hawwe, moatte de sjauffeurs mei yngong fan 8 jannewaris oergean nei dy wurkjouwers.
Foar tolve sjauffeurs betsjut dat dat sy net langer yn de eigen regio wurkje, mar earst nei Emmen ride moatte. Dy kilometers wurde net fergoede. Dat komt neffens Minke Jansma fan it fakbûn FNV hurd oan by de sjauffeurs.
It fakbûn wol dat de wurkjouwer mei de sjauffeurs om tafel sitten giet, om ta in oplossing te kommen. De sjauffeurs fiere freedtemiddei aksje by de iepening fan de nije ferkearssintra yn Dokkum.