FIDEO: Straffe saken, oer de bouwers fan de Blokhúspoarte

22 des 2017 - 14:32

De Blokhúspoarte, it klopjend hert fan de kulturele haadstêd Ljouwert, wurdt yngripend ferboud. Der lizze in soad ferhalen achter de tsjokke muorren fan de eardere finzenis. Bygelyks oer de ûntsnapping fan Aage M., de bankrôver mei syn 'termyske lâns'.

Filmmakkers Wilfried Bijma en Ismaël Lotz sille op syk nei dy ferhalen fan eartiids en no. Yn 2018 meitsje se fjouwer dokumintêres foar Fryslân DOK oer it romrofte ferline en it brûzende hjoed fan de Blokhúspoarte. By Finster op Fryslân is no in fjouwerdielich foarpriuwke te sjen fan dizze searje 'Straffe Saken'. Dit is diel 2, wêryn't de bouwers fan Bouwgroep Dijkstra Draisma oan it wurk binne en ék mei de moaiste ferhalen komme.

(advertinsje)
(advertinsje)