Maratonreedrider Bart de Vries hat skouderbonke brutsen

Bart de Vries (argyffoto) © Neeke Smit
Reedrider Bart de Vries fan It Hearrenfean hat it skouderbonke brutsen. De Vries wûn ôfrûne sneon noch de maraton yn Den Haag. Woansdei bruts er syn skouderbonke, en tongersdei is er operearre yn sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean. De Vries meldt dat op syn Facebookside. It is noch de fraach oft er dit jier wer meidwaan kin oan de kompetysje.