Militêr út Sint-Anne krijt postúm oarlochskrús útrikt

22 des 2017 - 13:30

IJede van der Kooi fan Sint-Anne hat freedtemoarn postúm it Mobilisatie-Oorlogskruis útrikt krigen. Boargemaster Gerrit Krol oerlange de ûnderskieding oan de trije bern fan Van der Kooi. Hy tsjinne yn de oarloch oan it front by de Grebbeberg. Yn 1939 moast er dêr opkomme en wurke er as sjauffeur en hospik. Van der Kooi stoar yn 1949.

Syn trije bern ha him eins net kend en ha gjin oantinkens oan him. Dat wie de reden dat soan Klaas van der Kooi de ûnderskieding oanfrege. Hy woe witte wat syn heit allegearre dien hie, om sa in better byld fan him te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)