Agressive stapper (21) jout portier klap yn Ljouwert
De plysje hat tongersdeitenacht in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden, nei't dy in portier in klap jûn hie. De portier hie yn de Alde Doelesteech twa rûzje meitsjende groepen útinoar helle. De Ljouwerter wie it hjir net mei iens en sloech de portier op syn feilichheidsfest. Hy is dêrnei troch plysjes meinaam nei it buro.