Kollum: "Krystdrokte"

21 des 2017 - 08:30

"Se ferwachtsje foar snein files foar de winkels. Dat is de lêste dei foar de kryst, en dan moat der noch grut ynslein wurde, blykber. Yn hast 85 prosint fan de gemeenten meie de winkels fanwege de krystdrokte op snein iepen. Ik wenje no tolve jier yn Amsterdam, en ik wit net oars as dat de winkels op snein iepen binne. It is foar my al skokkend dat myn supermerk moandei ticht is - oh wacht, ik check it foar de wissichheid even... nee, moandei, earste krystdei is myn supermerk hjir gewoan iepen tusken tsien oere moarns en acht oere jûns.

Mar yn in protte gemeenten is dit dus noch altyd in striid; de brânsjorganisaasje Detailhandel Nederland moast in spesjale oprop oan de gemeenten dwaan, om de winkeltiden yn de krystperioade te ferromjen. Yn Harderwyk is it bygelyks foar it earst dat it keapsnein is.

Want, sa seit de organisaasje, dit kin snein foar winkellju it ferskil betsjutte tusken winst en ferlies. En dat begryp ik net hielendal.

Persoanlik mij ik elke oankeap en winkel as de pest, yn desimber. Online dingen keapje is garânsje foar frustraasje. Besoargers ha it sa drok dat se let komme, of hielendal net. Yn echte winkels is it ek gjin dwaan yn desimber. Lang rigen foar de kassa's en it assortimint fan in soad winkels is lytser.

Echt? Ja, echt. Ast de krysttroep net meirekkenest. En dy nimt yn elke winkel dochs in soad romte yn. Yn kleanwinkels hingje glitterbloeskes en krysttruien, dy'tst yn oare tiden fan it jier echt net hingje sjochst. Yn boumerken en túnsintra stean rigen en rekken fol mei plestik krystellende dy't it heechút in jier folhâld. En yn supermerken moat romte makke wurde foar sûkelaadsjes, de meast wiidweidige neigesetsjes en fansels meters mei krystich ferpakte deade bisten.

En dy meters skipromtes komme net út de loft fallen, dus ja: winkels ha minder te bieden mei de kryst. Mar dochs ferwachtsje se dus files foar de winkels dizze snein.

Mei syn allen skowe we dan troch de winkelstrjitten. Miserabeler as yn dizze tiid kin ús lân der dochs net by lizze. Yn de altyd al fel ferljochte winkelstrjitten wurde der noch wat ekstra ljochtsjes by hinge. Twinkeljende ledlampkes, bedoeld om it gesellich te meitsjen. Hjir yn dizze stêd ha we de Bijenkorf, dy't elk jier hystearysk yn it ljocht set wurdt, mei tûzenen en tûzenen lampkes. Want der is mar ien oplossing foar winkels om konsuminten te lokken: noch mear lampkes.

It is reinich, mistich en folslein suterich waar, altyd, en wat leit der yn de etalaazjes? Nepsnie. As oantinken oan hoe't it ek kinnen hie, as we net allegearre mei de auto CO2-útstjittend en ierdeferwaarmjend nei de winkels ta riden wiene, yn 'e file.

Foar ús is it net leuk, mar dan foar de minsken yn 'e detailhannel. It is in striid nei de boaiem foar de winkellju. It winkeljende publyk keapet net mear as it keapet, en wat we útjouwe is yn belangrike mjitte ôfhinklik fan de ekonomyske situaasje fan it lân. It totaal hinget neffens my net echt ôf fan de iepeningstiden. De ferdieling mooglik al: asto as winkelman snein net iepen bist, mar dyn konkurrint al, dan rinsto omset mis. Winst en ferlies, sa't de brancheorganisaasje seit. Dizze organisaasje propagearret dus mei de oprop oan gemeenten, om winkels ta te stean om op snein iepen te gean, dizze foarm fan konkurrinsje ûnder harren eigen leden: konkurrearje op iepeningstiden.

As winkelman hast dus gjin kar mear. Jo moatte op snein iepen fan moarns betiid oant jûns let. En op moandei moast ek iepen. En tiisdei. En sa putte se harrensels en harren personiel kompleet út. Winst of ferlies. Wat in rare brânsjorganisaasje. Mar sa't ik al sei: it is in race nei de boaiem, der is gjin kar. Behalve dat wy as konsuminten miskien ris in pear dagen earder betinke kinne wat we nedich ha, yn plak fan snein yn 'e file oan te sluten.

Oh, en woansdei? Alle hens aan dek yn de winkels: want de krysttroep moat wer út de etalaazjes en de skippen."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)